Gedicht fan  W. Joh. Koopmans, Akkrum

 
 It 30-jierrich bestean fan de aaisikersklub Dearsum 15-16-17 april 1950  
  1.     ‘t Wie sneontemoarn, skraach kofjetiid,
    en Dearsum lei noch stil
    te drgjen, yn it lde gea
    mei mist en dize om’e lea
    de 15de april.
     

  2.     Noch efkes en de rst is oer
    it folkje kaam yn ‘t spier,
    mei doargeklap en learsgeklos
    briek stadichoan de drokte los
    en wie der rju fertier. 
     

  3.     Hjir tge men in lange pols,
    of ek in reinjas mei.
    Dr droech men spullen btendoar,
    ‘t moast alles tidich foarinoar;
    it wie hjoed grut ljippedei. 
     

  4.     Ek heart men tuffen yn d’ Aldfeart;
    ‘t is d’ “Ankawi” wol men ha.
    Moai! Hy is tidich by de hn,
    passearret Spears en ‘t Wolveln,
    en set op Dearsum ta. 
     

  5.     Ja, ‘t binne kappi Ome Jan
    en Arend, syn trouwe loads.
    Hja moatte beide mei oan’t miel.
    Foarf noch efkes troch de kiel,
    in “Bols” of “Tip fan Bootz”. 
     

  6.     Nei’t iten ridlik gau op reis,
    men is fol kriich en moed.
    Gjin wnder, dizze dei yn ’t jier
    Bringt langstme nei dat eal fertier,
    en rder streamend bloed. 
     

  7.     Nei ‘t suden op; de hege piip
    fan ‘t molkfabryk “Legean”,
    is ‘t earste beaken; fierder wei,
    dr’t Harmen Abes ple lei,
    is ‘t sluske, om troch te gean. 
     

  8.     Wol noeget s de Snitsermar,
    wy moat’ de Hoanne ha,
    en farre tusken nije sls,
    de koaipleats en it blikken hs
    rjocht op Terherne ta. 
     

  9.     ‘t Terhernster folkje op’ e wl
    ropt ld en gol: “goe ‘n dei”
    de brgeman ferjit ek net
    mei ‘n freonlik tikje oan’ e pet:
    “tank, dat it goed fine mei”.  
     

  10.     Dr dkt s eldorado op:
    ‘t doel dr’t wy hinne gean
    in iele romte, fier en hein,
    (troch mem natoer der hinne lein)
    Fan tz’nen bunders fean.
     

  11.     Dat frije fjild, dat romme fjild,
    by Slachte, Poel en Krs,
    mids lof en wetter, sompe en ln,
    dr ha wy jimmer langst nei hn
    dr fiele wy s ths.
     

  12.     Dat frije fjild, dat romme fjild,
    dr ha wy ‘t sa nei ‘t sin.
    Dr’t elke fgel, elk ynsekt,
    elk krd en blomke ta s sprekt
    dr’ t wy sa sljocht om bin. 
     

  13.     Dr skarrelet troch de snilewl
    in markol, dker, slob.
    Dr stekt in kaper resolt
    As woed er hast op fjochtsjen t
    syn nekkekrage op.
     

  14.     Wy gean’ oan wl en bin fol fjoer,
    dr spat in ‘Hij’ omheech,
    en swaait en draait en kraait
    “Kiwyt”.
    In mantsje skries ropt “grito-gryt”
    dr by dy stripe leech.
     

  15.     In ein foart, skeart lns de grn,
    in ‘Sijke’ krekt fan ‘t nst?
    “Oppasse! Jonges tink der om,
    oan ‘e oare kant dy dotterblom,
    dr is it plak moai fst”.  
     

  16.     Wol is de pet noch plat en leech,
    hoop is der by de fleet.
    Lyts 20 eagen stoarje rn,
    en sneupe op ’e sodze grn,
    dr klinkt it: “Warkeweet”. 
     

  17.     “Ien ierpel”, ropt Ruerd, en ien aai”
    Hoera! Dat is nei ‘t sin.
    “Kom mannen, elk in romerfol,
    op d’ earste bt, dat smakket wol,
    proast,  op dit goed begjin”. 
     

  18.     Mar wer op stap, elk fgelld
    is edele muzyk.
    Sa hear ik leaver mem natoer,
    As ths it harrewarjen oer
    geloof en polityk.  
     

  19.     Der stiet in wikel oan de loft,
    te bidden, ‘t each yn ‘t seil.
    Ek in mzebiter wekket trou;
    hja skypje wrakke kreften f en hlde it spul op peil.  
     

  20.     Wer “warkeweet” – “wat haste Jaap?”
    “Twa aaien fan in skries!”
    Dat set goed yn, sa ha wy fst,
    foardat de sinne krpt yn ’t nst,
    sekuer noch wol in snies. 
     

  21.     En fierder, fierder giet de reis,
    de lange fjilden oer.
    Kees fynt earst noch in modderkoai,
    en Douwe in tfretten aai,
    dat makket him hast poer.  
     

  22.     Mar noch in kear as fjouwer fiif,
    kaam “warkeweet” foar ‘t ljocht.
    Doe kaam it sein: “no wer tebek,
    Wy moatte nedich wer oan dek.
    Diz’ dei is goed folbrocht”.
     

  23.     En nei noch wat gesellich praat
    giet hiel de klub oan kant.
    En slipet, of dreamt (al nei it wol)
    fan ien aai, soms in kroadefol
    fan ms in oaljefant. 
     

  24.     “Mannen fan Sleat, tiid op, ‘t is dei”.
    klonk sneintemoarn de rop.
    Elts wie yn in omsjoch yn ‘e pee,
    de earste brogge stie al ree
    en dy wie hastich op.
     

  25.     En kibich gong men wer op stap
    de fjilden op en del;
    de kilometers lange reis.
    Mar bliid en fleurich nderweis
    wie jimmer ‘t hiele stel. 
     

  26.     Want no en dan klonk: “warkeweet”
    dat joech wer nije moed.
    Jaap fn in tredsje fan in snip,
    En Meint in twake fan in ljip,
    En Hinne sels in broed. 
     

  27.     Och! As ‘t mei sin en wille giet,
    de tiid hast oeren skyt,
    dan falt sa’n lange moarn noch koart,
    en jimmer fierste gau ferpart;
    is om, foardat men ‘t wit. 
     

  28.     F’ral dizze kear, no ‘t 30 jier,
    de ljippeklub bestie,
    en men oan Elba’s kastelein
    in lekker waarm miel foar snein
    oan him bestege hie. 
     

  29.     Dus no mar op Terherne ta,
    de tafel stie mlk ree,
    fan tritich-tzen-trde-tocht,
    hie ytlust oan ‘e mage brocht,
    foaral nei ‘t matinee. 
     

  30.     Wat hie men toarst, wat waard der toast,
    op aaiklub en bestjoer.
    Wat waard der lake om mannich set,
    as wie’t in lde, ‘t hindere net,
    en eide men dy oer. 
     

  31.     Mar elke lofsang nimt in ein,
    de iennich moaie snein,
    op ’t jubileum fan ‘e breid,
    bedronken yn gesellichheid,
    wie foar men ‘t wist, oanein. 
     

  32.     No rste noch de dei fan moarn,
    de tkomst wie ek bst.
    Dr hat men noch sksessen hn,
    yn ‘t Jousterfjild en Brekkenln,
    klonk: “warkeweet” foar ‘t lst. 
     

  33.     Doe sette men op Dearsum ta,
    famyljelid en freon,
    wie t nijgjirrigens hoe’t it stie?
    oft men ek frij wat aaien hie?
    al nei de opslach dreaun. 
     

  34.     It fskie wie: “Goe’n dei, farwol,
    Snens, oant takom jier”.
    Mlk tinkt men noch nei, gns in rek,
    Oan dizze slagge reis tebek,
    doe’t feest foar ‘d aaiklub wie.