Hichtepunten yn it bestean fan de klup

 
Eigenliks binne de trije 'Keninklike' dagen altyd hichte punten yn it jier foar de leden. Fansels wurde der yn it iene jier wat mear aaien fūn as yn it oare, mar it tal aaien hat nea de sfear bepaald yn de klup. Ek net doe’t we yn 1996 mei 8 betūfte aaisikers yn trije dagen fūl aaisykjen, mar 7 aaien fine koene. It meimekoar wźzen as fjildfreonen yn it romme frije Fryske fjild, mei syn  eigen lānsdouwen,  syn eigen fūgelwrāld hat altyd de dagen kleure. De ferbūnens dy’t jo fiele, de tagedienens, makket in waarme freonskip. Jo hearre by de klup ’De Ald Hy’ fan Dearsum. Hearre by dy klup betsjut ek dat jo je śtprate kinne, je miening sizze, ek de wurden dy’t je miskyn oars nearne kwyt kinne. Wat yn de boat fan ‘De Ald Hy’ bepraat wurdt bliuwt dźr yn. It is in stielen wet en wa’t dat net opbringe kin, heart der net by. De wille wurdt fansels troch ferteld oant, yn Australiė, de wrāld rūn. No noch wat, mear taastbere hichtepunten.

Yn 1950 fiert de klup harren 30 jierrich bestean yn it skippershśs yn Terherne. Grut feest mei in haadrol foar skipper/kok Jan Wuring. Lykwols begrutlik foar de moaie aaisikersmiddei dy’t der mei ferlern gie, sa skriuwt Hinne Koldijk yn it ferslach.                                                                              
Yn 1994 hat ‘De Ald Hy’  Dearsum it byld ‘De Aaisiker’ oanbean. Makke troch keunstner Hans Jouta  śt Ferwert. Dit prachtige byld fan in aaisiker, dy’t it fjild oereaget, stiet oan de Dearsumer Opfeart. Dźr wźr’t yn it ferline it skūtsje mei de aaisikers ōfsetten. 

In hichtepunt wie ek de televyzje śtstjoering op 13 april 1997.

‘De Ald Hij’ wie doe yn hiel Nederlān en Belgiė te sjen. Hjir foar hie Omrōp Fryslān opnamen makke op de jiergearkomste fan de BFVW, bij it byld yn Dearsum en yn de landerijen om Grou hinne, wźr’t aaisocht waard troch de leden. 

Mei simmer 2000 hat de klup in śtstalling organisearre oer aaisykjen en greidefūgels.Kenners wienen fan miening dat der noch nea in eksposysje  oer aaisykjen en greidefūgels fan dizze omfang en kwaliteit yn Nederlān te sjen west hat. We hienen it materiaal, śt hiel Nederlān wei, fan samlers yn brūklien krigen. Trije wiken hat it te besjen west yn doarpshūs. 'De Lytse Fjouwere' te Itens. Der binne san 3000 minsken rūnomwei śt de wrāld west om dit te besjen. Klik op de link foar de foto's.

De aaisikersdagen starten dit jier yn Dearsum, wźr’t we mei in skūtsje fan wāl stutsen, nei dat we it doarp in moaie sitbank bij it byld oanbean hienen. 

‘De Ald Hij’ fan Dearsum hat de lźste 25 jier besocht om op in positive wize in bydrage te leverjen ta it behāld fan in ieuwenālde tradysje 'It ljipaaisykjen'.

Faaks is it ien fan de iennichste oerfoarmen fan natuer rispinninge dy’t noch yn syn oarspronklikheid bestiet yn Europa en der mei fan in ūngekind hege kultuer histoaryske wearde. 
 

Tekening fan keunstner Hans Jouta