Leste nijs

   
 

Wy foelen yn’t skot

Krekt yn de goeie dagen belibben de leden fan aaisikersklub ‘De Ald Hij’ fan Dearsum, harren ‘trije keninklike dagen’ fan 2010. It is in hiele toer, want einliks binne der mar fiif dagen yn de hiele aaisikers tiid wryn je wat ljipaaien fine kinne. Dan is it kwotum al wer fol. Mar wy troffen it. Stralend waar en de ljippen wiene -of rekken- oan de lech. Tige spitich wie dat s lid Geert yn’t sikenhs lei. Foar it earst yn 35 jier net mei kinne dat is dreech. We holden him fia de mobiele tillefoan op de hichte. De berjochten dy’t er fan s krige,  sille him sear dien ha. Mar we wisten dat er eltse tel oan s tocht; mei s fuort wie, de tiid yn de gaten hold. Wittende:  No iepent de foarsitter de dagen en drinke se nder de kreet ‘Warkewee’ in slokje fan s eigen merk de ‘Kievit’.  It is no 10 oere, se binne te plak en sette it ln yn.

En dr yn’t ln fnen wy s earste aaien. Prachtich, earst der efkes om hinne rinne,it fan alle kanten besjen,  foar dat sy yn de pet komme. De jns oan boat stie der in moai kuorke op tafel wryn, yn in bd fan grs en blom sa as it fjild it  jout,  s earste ljipaaien lizze te pronkjen. Tige begrutlik wie it dat noch ien fan s leden, Reinder, him ek lang net sn fielde en nei hs rekke.

De twadde deis wie it alderskitterst moai waar. De temperatuur rn yn de middei op nei 20 graden en wy rnen yn’t boesgroentsje yn ’t fjild. Dizze dei kaam  der berjocht, dat nei in lste kontrle de dokter it ferantwurde fn dat s maat (Geert) de middeis fant it sikenhs nei hs gie.Yn de rin fan de middei kaam der fan him in tillefoantsje. Hy wie t it sikenhs streekrjocht nei it ln riden en stie no by in trijke. En moarn, de middeis om twa oere, kaam er oan boat, om de dagen mei f te sluten en mei werom nei Snits te farren.

De twadde jns sieten wy mei read ferbaarnde koppen om tafel yn de stjoerhut. Gesellich wie dit skimeroerke. It lste ljocht foel deryn en wy sieten s lopen fan hjoed, juster en jierren lyn oan elkoar te fertellen. Ferhalen dy’t al tweintich jier ferteld binne, mar altyd moai bliuwe, giene nder it genot fan in lyts slokje oer de tafel. Op tiid. Te betiid, seine inkelen, joechen wy s dy jns del.

Doe wie’t al wer s lste dei. Foar seizen wie elk der al wer f. Goed ble ite en mei in pear droege woarsten in apel en wat drinken yn de bse setten we f foar de lste loop. ‘Twa oere wer oan boat wze’, sei de foarsitter.

De striid om de ‘Keizer’ titel lei noch iepen. Elk koe noch winne, hoewol de jonge mannen fan’t jier net rjocht mei komme koenen. Sels stie ik oan kop , folge troch myn aaisikersmaat Pieter dy’t twa minder hie. De oaren sieten dr wer krekt nder. Pieter en ik fnen moarns om bar in pear jintsjes, mar as Pieter dan in twake fynt steane wy lyk yn it oantal aaien.

‘Wat dogge wy?’, frege Pieter. ‘Wat hiest sels tocht?’, frege ik. Beide in kant t , elk siket foar syn eigen kns, is Pieter syn beskie.

En sa giene we t elkoar, de striid om it ‘Keizerskip’ baarnde los. Noch fjouwer oeren aaisykjen  te gean. In eintsje fierder jou ik my del efter in hikke. Pieter dwaalde by me wei. Efter de hikke wei krige ik in pear moaie knsen en fn trije jintsjes. Letter noch in twake en tocht doe by mysels: ‘Hjir hat Pieter grif klauwen oan’. Doe’t s tiid der op siet en wy op de boat oan moatste, rn ik op Pieter ta dy’t noch in slach die. Snder pet sa t de fierte wei te sjen en hy rn licht, ja hy waaide  suver oer de ekers.

Doe’t ik by him kaam , stie er my yn de daam op te wachtsjen mei in geweldige gniis op syn kop. Neist syn jas op de grn leit syn pet!!! Godfer….. hoe is’t mooglik!!!! Oan boat kommende  waard  er troch elk lokwinske. Pieter is ‘De Keizer’ foar 2010 fan aaisikersklub ‘De Ald Hij’ fan Dearsum.En oan boat waard  er let en set. Der waard  drinken foar him helle en hy krige de bste stoel. Mei de wurden: ‘Dit hie ik nea tocht. Dat ik nochris De Keizer wurde soe fan De Ald Hij. In klub mei aaisikers sa as jimme.’En drmei joech  er ek de oare aaisikers eare.

Wy dronken der in slokje op fan s eigen merk ‘De Kievit’ en foeren nei trije gouden dagen, foldien nei hs.

 

 
 

Ferslach fan de trije ,,Keninklike dagen” 17 , 18 , en 19 maart 2009.

Iepeningswurd fan de foarsitter.
Wolkom oan boat, leden fan aaisikersklub ,,De Ald Hij “fan Dearsum sunt 1920.
Nea yn de skiednis is dizze klub sa ier yn’t jier fan wl stutsen. In moanne earder dan yn har earste jierren. Freonen fan dizze romrofte aaisikersklub, we stean wer foar s trije ,,Keninklike dagen”. Meitsje har namme wier. Der sil dizze dagen wer sa fl socht wurde, dat de skrinkels fan  ld leden yn harren grven lizze te rydboaskjenEn wa syn namme sil der dit jier, nei trije dagen aaisykjen, yn de lytse en dochs sa grutte beker gravearre wurde? Swier sil de striid wurde, nea sil der yn dizze trije dagen in momint fersake meie wol men syn kns net ferspylje. Snder genede sil er syn knsen yn it fjild kieze en syn rp ,,Warkeweet sil kear op kear syn maat de huver oer de lea jeie. En as we dan tongersdei de middeis fan s lste loop op de boat oan gean, alhiel t de liken, de iene foet hast net mear foar de oare krije kinne , dan sil der noch ien wze dy’t fan gjin wurgens wit. Dy’t mei feardige trd , de kop fier boppe de kante skouders, de lste hunderten meters rinne sil. Dan sille de oaren al fan fierren sjen kinne: dr rint de nije ,,Keizer”. En oan boat sille de oare leden de holle foar him bge, him lette en sette , de eare jaan dy’t him ta komt. Ik iepenje dizze dagen mei ,,Warkeweet”.

De dagen.
As it  tiisdeitemoarn is sette we, mei trije lytse boatsjes efter de grutte moterkruzer al foar achten f t Snits wei. De kar wie makke foar de romme fjilden by de LemsterBrekken.
Hjir is romte en kinne jo wei wurde yn it wide fjild. En hoewol we tige ier binne dit jier, bin der dochs al ljippen oan de lch en inkele leden ha al in aaike yn’t nest lizzen sjoen. Alle dagen sille der mear ljippen komme dy’t in aai lizze. Dat der is fertrouwen! By Spannenburg gean de earsten fan boat. De oaren farre troch nei de Rynsleat wert de kruzer dizze dagen in fst plak ha sil.Dan sette ek dizze aaisikers f yn de lytse boatsjes ,op nei it Lemsterfjild foar harren ,,tritichtzend trden tocht”. As we om twa oere wer oan boat binne, komme de earste aaien op de skaal. We binne los mar it falt noch wat f. Nei it warm iten sette we wer it fjild yn foar de twadde loop. As elk jns tsjin’t skimer wer oan boat is binne we dochs tefreden oer de fne aaien. Spitich is’t dat in oantal leden lang net fit binne. In goarre stekt ek oaren oan en it wurdt dan jns ek net let makke. De oare moarns binne in tal leden frij wat gammel. Ths wiene se faaks op bd rekke, mar hjir sette se mei in appel, twa droege woarsten en in rle hske papier it ln ynAaisykje. Jns wurdt de stn opmakke en hoe wol de striid noch iepen is, stean de jongemannen der it bste foar. De betftens fan de ldere leden , de masters yn it finen fan in nst fol , moat it dit jier flizze tsjin de krft fan de jongeren. It giet dit jier om  jintsjes en inkelt ris in twake. Broeden en trijkes binne der sa betiid yn dizze trije aaisikersdagen noch net. Nei in net te bste nacht is it al wer de lste dei en stean we al wer foar s lste loop. Om sn oere sette we f , twa oere wer oan boat wze, noch ien kear sn oeren aaisykjen ha’k foar my. Fier fan my f rinne twa fan s jongere leden . Dan hjir in slach, dan dr. Nea sitte se efter de hikke , fl wurdt der socht fan kns nei kns , side oan side. It is wol te sjen dr spilet him de slach om it ,,Keizerskipf. As wy dan nei s lste grutte loop op de boat oan knoffelje en y dizzen trije dagen wol fiif jier lder lykje, dan rinne dizze jongemannen noch in gesicht fier by s wei, fol fjoer troch de landerijen. Om twa oere komme sy by s oan boat. Snder in wurd te sizzen sjocht elk wol wa’t de "Keizer” is. En de oare leden bge de holle, lokwinskje him. Hy kriget de bste stoel, der wurdt drinken en iten foar him helle. De "Keizer" fan 2009 wurdt let en set.Hy kriget de eare dy’t him ta komt.  

 

 
   
Ferslach fan de trije Keninklike dagen 25, 26 en 27 maart 2008

It earste Fryske ljipaai wie betiid dit jier en op 6 maart en komme we de jns sn oere byelkoar by it byld fan ,,de aaisiker” te Dearsum en drinke dr in slokje , fan s eigen merk ,,de kievit”.

En dan is it alwer safier.  We steane foar s trije keninklike dagen. As we de tiisdei- temoarns nderweis binne nei Snits, is it ln op inkele plakken wiet fan de snie. De iene hagelbui ferjaget de oare. Yn Snits binne de earsten fan s al drok yn'e skrep om de boat sniefrij te meitsjen. Dan komme ek Geart en Jarig t Weidum mei harren iepen boatsjes oan farren. Se ha de hagel op de pet en binne oan de bonken ta kld. Alles wurdt ree makke en it jongste lid goait de touwen los en we sette f. It ld fan de moter is foar my suver musyk en as dan de rook fan it troch Germ setten pittich bakje kofje yn de stjoerhut op te snuven is dan fiel ik my lokkich. De boat wurdt wer oanlein op it s sa fertroude plak op it ein fan de Welle.
De aaisikers sette f. Allegearre op nei harren eigen krite, faaks dr wr’ t se yn eardere jierren sukses hienen. Om twa oere wurdt elk wer oan boat ferwachte. De earste loop falt net f en Harm hat der in broed by. Sa foar iten wurde de knsen en aaien efkes bepraat, in slokje der by, it is faaks it gesellichste oerke fan de dei. Dan nei iten sette de aaisikers wer it fjild yn foar de twadde loop. As jns de lsten suver hast tsjin ’t skimmer  ek oan boat binne, dan lizze der twintich ljipaaien yn it mei grs en btergieltsjes opmakke kuorke. En de earst jn oan boat is as alle earste jnen fan dizze klub. Drok wurdt der praat ;lde ferhalen ophelle, minsken t it ferline oanhelle.
De oare deis 6.30 sit elk oan de brogge en om 7 oere sette we it fjild yn. It is kld. Der is fpraat om twa oere wer oan boat te wzen, sadat we sn oeren aaisykjen foar s ha. Mei in pear droege woarsten en in appel yn de bse moatte we it dwaan. Om twa oere is elk wer oan boat foar ,,Blookertiid,” in stik taart mei in bakje kofje. Dan komt ek de flesse op tafel. De aaien moatte efkes bedronken wurde, hoewol it oantal dochs wat tsjin falt. De ljippen ha de lch t en nije ljippen begjinne net troch de kjld. Nei iten sette we f foar de twadde loop. We sitte smk yn it weifallend deiljocht te skimerjen as Jarig en Sjirk Geart as lsten fan harren swalkersloop oan boat werom komme. En kld, kld, dat se binne, se kinne de kaken hast net yn beweging krije. En op s freegjen fertelle se hakkeljend dat se ien jintsje fn ha. Man, man, wat in loop, wat in moed, wat in kriich!.We  sette harren op de waarmste plakken oan boat om der wer minsken fan te meitsjen.
De jns oan boat seit Germ, s nestor en earelid en al mear as 50 jier mei en  faak de keizer: ,,Jongens ik kin it aaisykjen net mear dwaan, it wurdt my te dreech , ik ha hjoed myn lste loop dien en fskie nommen fan it ljippeln”. En wy binne stil en  bge mei him de holle  wittend dat ek foar s ienris dy tiid komme sil.
Sa
as fpraat  is Pieter om 6.30 as earste yn aksje en komme dan ek de oaren fan koai. Om 7.30 sette der sn man f nei it Lemsterfjild. Hjir by de boat, oan de Welle ha de ljippen de lch t der is gjin aai mear te finen. Yn’t Lemsterfjild binne trouwens ek mar in bytsje knsen mear. Jarig en Sjirk Geart sette f, op nei Sint Nic. En dat docht foartuten, se finne dr goed aaien. As we wer nderweis binne nei de boat yn de Welle belibje we noch wndere aventoeren troch moterpech en luxe krusers, dy’t s slepe sille. Hjirby skeelde it neat of it boatsje fan Jarig en Sjirk sloech oer de kop. Lokkich is alles goed gien en komme we, wat letter dan it doel is, by Germ oan boat.

Oan de foarsitter is it dan om de dagen ftesluten. Hy hellet yn syn wurden it aaisykjen oan as in kultureel erfguod. De kennis fan it ljipaaisykjen opdien en ieuwen lang fan lden oan bern trochjn is unyk yn de wrld. Dizze folkseigen kennis, dit erfguod hat it rjocht ta fuortbestean, salang it de ljippe- stn gjin skea docht. De leden fan aaisikersklub,,De Ald Hij”,fan Dearsum binne dizze dagen wer it libbende symboal fan dizze Fryske tradysje.  Oan Geart de Groot wurdt de beker trikt as,,de keizer ”fan 2008. De felisitaasjes fan de oaren binne foar him. Dan makket it jongste lid de boat los en farre we wer nei Snits. Op de taffel pronkje de ljipaaien yn it kuorke opfleure mei fjildblomkes. Se binne fn yn de trije dagen aaisykjen troch de acht leden fan aaisikersklub ,,De Ald Hij”’ fan Dearsum

 

Lste nijs 2007

21 jannewaris
‘De Ald Hij’ organisearret in skutjasmiddei yn ’t kafee te Jorwert. Dielnimmers hjir oan, moatte in neisoarchpas, fiskakte of jachtakte sjen litte kinne. Mei oare wurden, it is in middei foar fjildminsken.

23 en 24 febrewaris.
Jiergearkomste yn Earnewld op Kamping ‘It Wiid’.Hoe is 2006 foar s ferrn. Wat binne de rinnende saken en wat binne de plannen foar 2007? Grif sil der efkes tiid wze, om it wnder moaie kaartspul ‘Woestduinen’ te nderhlden.

24 febrewaris
Middeis healwei trijen biede de leden har ‘Ald Hij’ lid Sjirk Geart en syn Nienke, in bertebeam oan yn 't ‘Raerderbosk’ as tering fan bliid mei libjen, mei de berte fan harren dochter Marrit Mirte, op 10 april 2006.

De Keninklike dagen 2007

Woansdei 28 maart

It wie woansdei 28 maart moarns om 8 oere doe ’t we mei moai waar yn Snits fan wl stutsen foar s ‘trije keninklike dagen’. De mannen wienen sver wat oars as oars. Wie it de spanning, de goede ferwachtings, der leine goed aaien yn ’t fjild.

Yn ’t iepeningswurd in bysnder wurdsje foar s earelid Germ Koldijk. No foar de fyftichste kear mei. We nimme in slokje en drinke op s sels sa as de tradysje dat wol.

En dan los it fjild yn. Twa oere komme we wer oan boat, s earste loop sit der op. Altyd wer de spanning as der in pear by de boat komme. De pet wurdt troch de oaren bepraat. Stiet der heech of leit der plat op 'e kop. En dan de fraach: 'Hoe liket it?' Learzen wurde t skopt,foarsichtich wurdt de pet f dien en mei in glim op de tafel lein. Alle eagen telle de fne pearels t de greiden. De finer moat fertelle wat it binne.

Jintsje, twake en in broed. Wat hiest der in broed by? ‘Hoe is ’t gods ter wereld mooglik in broed, is de reaksje fan de oaren’. Dan moat er fertelle oer de kns fan finen en oaren fertelle fan harren knsen en it al of net finen fan de aaien. It is altyd we it selde ritueel,wat der sa by heard. Alle aaien wurde elke kear wer besjoen noch lizzend yn de pet en de kns bepraat. Nea sil der in aai snder omtinken yn it bd fan gers en btergieltsjes lein wurde yn it reiden kuorke. En de aaisiker wurdt drinken oan bean troch syn maten t respekt foar syn grutte loop en fne aaien.

De jonge mannen slaan de earste deis foar master op. As we de jns oan boat by fnimmend deiljocht noch wat sitte te skimerjen, lizzend yn de Welle by de Koufurd, genietsjen fan in slokje en moai ferhaal lizze der 40 ljipaaien yn ’t kuorke. En dat we mekoar in protte te fertellen ha jout de klok oan as we s deljouwe. It is trije oere en der is moai romte makke yn de foarrie drinken. Hawar it is de earste jn en die is altyd nochal heftich. Germ kin prate oer 50 jier en seit dat it noch nea oars west hat.

Tongersdei 29 maart

Yntiids binne de aaisikers wer warber, strpe gau yn ‘e klean, der wurdt tee set en aaien sean. Ble
,  brea, alles komt op tafel. Stil wurdt it iten opkge, gns minder leven dan fannacht. Mannich ien sil grif tinke: 'Wie ik fannacht mar om 12 oere op bd gien'. Dan wurdt der noch in pear droege woasten, in appel en reep yn de bse stutsen. Der wurdt mekoar noch wat moed ta roppen en elk set it fjild yn.

Twa oere sille we wer by de boat wze. Wy ha 7 oeren aaisykjen foar s. ‘Blookertiid’ is ferskood nei de nei dei. Tradysje moat plak meitsje foar passy. De jonge aaisikers wolle de moarn net brekke en in lange loop meitsje. Lykwols ‘Blookertiid’ bliuwt wol bestean, de tiid wurdt inkeld oan past en dat moat kinne.

Ek hjoed komme der wer goed aaien oan boat. De jonge mannen bliuwe boppe oan stean mar de ferskillen binne lyts. Sjirk Geart hie de learzen wer fol. Rekke der ferline jier noch op ‘e rch yn de Welle tusken wl en skip, no sakke der, sa as er it sels sei yn ‘it moeras’  (oan it krs ta troch de sompen).

De jns is ’t gns rstiger oan boat. Twa dagen fl aaisykje, de grutte swalkerslopen en in koarte nacht easkje harren tol. By it tradisjonele ‘Woest duinen’ ferliest  ‘De Ald Hij’ dy as lste de bank, hat tige oan de leden. It doel wie krekt oars om, de kas soe wat spekke wurde, dus noch in potsje. En hoe is ’t mooglik wer giet 'De Ald Hij' it skip yn.

Freed 30 maart

It is alwer de lste dei, mar it treft min.  Tige tsjokke mist. Wy hoe de boat net t, der is gjin sicht. Waarman Pyt Paulesma wurdt neiharke en dy seit om in oere as njoggen ‘helder waar’. No misskyn earne oars, mar net by s. Om 9.30 oere kinne we it yn de boat net langer bankje en sette dchs mar f. Om in oere as alve lkt de mist op en wurdt it strielend waar. Twa oere sil elk wer oan boat wze. De earsten binne al yntiids werom. De moarn is harren mislearre. Troch de mist rekken hja oan it hinne en wer swalkjen, wrtroch se net in goeie krite besette koene.

Mar dan stapt der ien fan de leden mei de pet yn syn grutte hannen op de boat ta. Wat sille we no belibje? Der wurdt fan boat roppen oer it hoe en wat. En dan leit Gjalt hoeden syn pet foar de oaren yn ’t sicht. Hoe is ’t mooglik in pet fol ljipaaien. Hy moat fertelle wat it binne en hoe’t er it hn hat. Krijt drinken en de bste stoel. As elk oan boat is blykt dat der mei dizze loop de ‘Keizer’ wurden is. Germ as earelid rikt Gjalt de beker t. Wurdt lokwinske troch de oare leden. In lde kriger hat de jonge mannen yn de leste loop ferslein!!! En dat fielde goed sei er en naam in slokje.

Lste nijs 2006

10 en 11 febrewaris
Jiergearkomste; Harsta Hoeve te Hegebeintum en ekskurzje sneon te moarn 10.30 oere; Heechste terp fan Frysln. Mei oanslutend der op it besjen fan de Hegebeintumer tsjerke. Der is in frijwilliger foar deskundige tlis oanwzich.   

De aasikersdagen 2006
29 maart
'De Ald Hij' stekt om 8 oere fan yn Snits fan wl. De mannen binne fol fjoer der is noch gjin ien dy’t yn aai fn hat. It is tige let dit jier en der mei mar oant 1 april socht wurde. Jns lizze yn ’t reidenkuorke ,yn in bd fan btergieltsjes [speenkruid] 5 ljipaaien as pearels t de greide en wat  binne we der bliid mei.

30 maart
Betiid der t, heal stoarm en dikke buien. 11 oere 'Blookertiid' en elts is oan boat, der binne twa aaien fn. Op de middei knapt it waar op en hoewol Sjirk Geart earst noch kopke nder rekket yn de Welle tusken wl en skip komme hy en syn maat Jarich jns mei 7 ljipaaien yn de pet by de boat. Dat moat  fansels fierd wurde.

31 maart
De lste dei,moarns noch ien lange loop oant 2 oere . We fine mei-elkoar 32 ljipaaien. 'KEIZER' is Jarich Boersma mei 10 ljipaaien,syn fste maat Sjirk Geart hat 8.Doe’t Pieter Siksma jns noch in slach om gie yn de buorren en by it Dearsumer tsjerkhf lns rn, hearde er wat ratteljen. It moatte de bonken west ha fan ld leden dy’t harren yn ’t grf om draaiden. Njoggen betfte aaisikers, leden fan 'De Ald Hij dit yn har trije 'Keninklike dagen', fl aaisykjend, net mear dan 32 aaien finne koene!!!

Mar wy wiene derbliid mei. .   

10 septimber
‘De Ald Hij' leden farre fan t Terherne mei in sylpream nei de Feanhoop. Hjir sit ien fan de leden yn de 'Skriuwersarke' fan Rink v.d. Velde te wurkjen oan syn boek. Hjir op de ple, in plakje mei yn rike histoarje, wurdt nder it genot fan in slokje en  in gesellich praatsje reade poan rikke. Wat der, hoe soe it ek oars, tige ynfalt.

6, 7en 8 oktober
‘De Ald Hij’ is te snoekfiskjen bij Earnewld. It waaide in heal stoarm, sadat de earste dei, binnen de doarren troch brocht waard. De beide oare dagen is der fl fiske. Der wiene lykwols mar twa snoeken dy’t net fan it aas f bliuwe koene.

24 desimber
De leden komme by elkoar om’t s ldste lid Germ Koldijk, dit jier 50 jier lid is. Dit fertsjinnet in bysnder omtinken.

29 desimber
Mei-elkoar de moarns te gast west by ‘De Friesland Zorg Verzekeraar’ yn it sportkompleks te Hearrenfean. Middeis te gast by 'Omrp Frysln'.


Lste  nijs  2005

4 en 5 febrewaris
De jiergearkomste wurdt hlden op kamping 'It Wiid' te Earnewld. De aaisikersdagen wurde fst lein op 29 –30 en 31 maart. Yn ferbn mei it 85 jierrich bestean wolle wy aaisikers mei in beheining nferjitlike in dei besoargje. Der ta sil rnfeart boat de ‘Redbad’ fhierd wurde. Lid Reinder sil yn desimber it jierliks kulturele reiske foar de leden fersoargje.

16 maart
Rjochter ferbiedt it aaisykjen mei yn gong fan 19 maart, 24.00 oere. Dit slacht yn Frysln yn as in bom.

18 maart
Frysln stiet op ‘e kop. Alles en eltsenien praat oer it aaisykjen dat no ferbean is. Protestjn fan ferntrste aaisikers yn Jirnsum (150 man/frou). Ofpraat wurdt hjir dat der troch socht wurde sil. Der komt in steunfns om bekeurings t te beteljen .Wa’t in bekeuring kriget wurdt fersocht hjir in rjochtsaak fan te meitsjen.

19 maart
Foarsitter fan ‘De Ald Hij’ komt yn organisaasje fan ferntrste aaisikers.

22 maart
Inkele leden fine har earste ljipaaien. Twadde jn ferntrste aaisikers (100 man/frou). Der wurdt fpraat dat der net nei 1 april mear aaisocht wurde sil.

27 maart
Us lid Geart wurdt troch yn AID opsporings-amtner op ‘e bon slingere om’t der oan it aaisykjen wie en ljipaaien by him hie.

29 maart
De Ald Hij’ set f foar har aaisikersdagen. It is net sa as yn oare jierren. We sille ien nacht en in dei te aaisykjen.

1 april
It aaisykjen is no dien. It is in hiele rare tiid west.

9 april
Mei de
'Redbad' en 35 minsken (aaisikers?) te farren om en de bij de Alde Feanen te Earnewld. Hiele moaie dei han.

30 september 
Sa as elk jier giet ‘De Ald Hij’ trije dagen te snoekfiskjen.

1 oktober
We sitte yn  ‘Menno’s pleats’ te Nijhuzum  ticht by Warkum.

2 oktober
Inkele snoeken fongen. Prachtige natoer hjir yn de Sd-Westhoek.

20 oktober
Lid Geert de Groot moat foar it gerjocht yn Ljouwert. Aaisikers wurde oproppen nei Ljouwert te kommen. It waard in net te beskriuwen rjochtsaak wrby emoasje (Geert) en   it begryp (rjochter) soargen foar wat wnderbaarliks!!! Utspraak waard skuldich snder staf. Applaus foar de rjochter fan de 50 aaisikers dy’t yn de rjochtseal oanwzich wienen. In oerwinning foar aaisykjend Frysln. It hat yn hiel Nederln. yn de kranten stien. Ek wie it lnlik op it nijs foar de radio.

17 desimber
It jierliks kultureel reiske fan de klup giet d
it jier nei it finzenis museum yn Veenhuizen. Hiel nijsgjirrich wrby je wol in dei nedich ha om alles te besjen.