Skiednis fan 'De Ald Hij' fan Dearsum, oprjochte yn 1920
 
 

It wie de lste snein fan april 1920 dat Ruurd Hijlkema, Jentsje Douma en Antoon Riemersma mei in skou,in tsjettel poeiermolke en strie min waar fan t Dearsum te aaisykjen gienen efter Tersoal en in bytsje aaien fnen. It wienen de earste stappen fan aaisikersklup ‘De Ald Hij’ t Dearsum wei. It tal leden wreide him t, sadat yn 1924 besleaten waard om, der mei it  sktsje fan Jelle Engelsma (turf- en modderskipper mei as thshaven Dearsum) harren aaisikersdagen te belibjen. Der waard syld, boomd of yn de beage lutsen. De finer fan de measte aaien moast eare wurde. Hjirta waard der in medalje oanskaft. Dizze medalje waard it jier drop sichtber troch dizze aaisiker droegen. Ek waard hy troch de oare leden oansprutsen mei de eare titel ‘Keizer’.

Yn 1928 gie men foar it earst mei in motorboat. As skipper/kok is mei de legindaryske Snitser Jan Wuring, syn broer Arend giet mei as boatsman, in prachtich koppel. De motorboat kin der lykwols yn de krisisjierren 1929 en 1930 net f, it is te djoer en men giet wer mei de skou.

As it lid Jakob v.d. Land yn 1932 alle moannen by de leden in kwartsje ophellet en de fne aaien wurde ferkocht, dan kin mei noch in bytsje bypassen, de boat wer betelle wurde.

Der is yn 1936 in nije fgelwet oannommen. De aaisikerstiid wurdt ynkoart fan 29 nei 19 april yngeande it jier 1938. De leden ha hjir tige it smoar oer yn. As der dan yn ‘38 ek noch mar in bytsje aaien fn wurde en der nderling wat spul komt, hinget it fuortbestean fan ‘De Ald Hy’ oan in tin triedsje. Mar de Dearsumers sette troch .

Yn de oarlochsjierren leit de boat op in fst plak oan de Snitsermar. Der is gjin brnstof om te farren. It is ek wat dreger om oan in slokje te kommen, mar de klup kennende sil der grif wat oan boat west ha yn dizze ‘Keninklike’ dagen.

Foar de yn 1925 oanskafte medalje komt yn 1963 in beker yn ’t plak, wr’t de namme fan de ‘Keizer’ yn komt. De medalje sil no in plak krije om de hals fan de foarsitter as er sprekt foar- en nammens de ‘De Ald Hij’.
De klup bestiet t 8 man mei altyd Jan Wuring as skipper/kok, de nferjitlike foardrager, de tophumorist dy’t de jnen sa nferjitlik makke. Der waard aaisocht rnom de Snitsermar. Ferhalen oer de Grutte Griene, it Joustersleatsje libje tot op de dei fan hjoed yn de klup.

Yn  de jierren 70 en drnei set de ‘De Ald Hij’ f nei de kriten nder Jutryp/Hommerts, Wldsein, ’t Heidenskip en Bombrekken nder Aldegea. It binne romme fjilden wr’t in aaisiker yn wei wurde kin.

Nei in lange dei aaisykjen en in tige gesellige jn,  wolle de mannen oplst wol nder seil. As Gjalt de Groot yn 1969 foar it earst mei giet en om my hinne sjoch wr’t sliepplak is, sliepe inkele leden al mei it kolbertjaske oan, de strik noch foar en de pet op. De oare moarns sei Douwe nei’t er de loft skge hie: ‘Waskje hoecht ek net de loft siet as in brijwein.’

Mar de tiid hat net stil stien. Der kamen ruilferkavelingen, djipntwettering, diken en nije pleatsen yn de eartiids sa romme kriten. Aaisikersln is guozzeln wurden. De tiid hat it gea feroare. Sa is it ek gien mei ‘De Ald Hij’. Ek dy hat him oanpast oan de tiid. Der wurdt no op in oare wize aaisocht dan 80 jier tebek. Net beskreaune regels meitsje dchs in earekoade oangeande hlden en dragen yn it fjild. Waard der fan 1920 oant 1938 socht yn de lste wike fan april
, no is it de lste wike fan maart dat ‘De Ald Hij’ it fjild yn stekt, in moanne earder. Neat is bliuwend, lde leden binne ferstoarn. Jonge mannen ha harren plak ynnommen, mar de geast yn ‘De Ald Hij’ hat der nea nder lit en dat sil, hoopje wy, ieuwich sa bliuwe.